Privacy-ferklearring
It Fryslân Fûns kin persoansgegevens fan jo ferwurkje, om’t jo dizze sels by it ynfoljen fan in kontaktformulier op de webside jûn hawwe. It Fryslân Fûns kin de folgjende persoansgegevens ferwurkje:
– Jo foar- en famyljenamme
– Jo adresgegevens
– Jo telefoannûmer
– Jo e-mailadres
Wêrom hat it Fryslân Fûns jo gegevens nedich
It Fryslân Fûns ferwurket jo persoansgegevens om kontakt mei jo op nimme te kinnen as jo dêr om fersocht hawwe, skriftlik (per e-mail en/of per post) en/of telefoanysk.
Dêrnjonken kin it Fryslân Fûns jo persoansgegevens brûke yn it ramt fan it útfieren fan in mei jo sletten oerienkomst fan opdracht, meastal besteande út it ferwurkjen fan de troch jo oanjûne finansjele stipe oan it Fryslân Fûns.
Hoe lang bewarret it Fryslân Fûns jo gegevens
It Fryslân Fûns bewarret jo persoansgegevens net langer as perfoarst needsaaklik om de doelen te realisearjen, wêrfoar’t jo gegevens sammele wurde. Jo gegevens wurde net langer as in jier bewarre as der gjin oerienkomst mei jo ta stân komt.
It dielen fan gegevens mei oaren
It Fryslân Fûns jout jo persoansgegevens allinne oan tredden as dat nedich is foar de útfiering fan in oerienkomst mei jo, of om te foldwaan oan in wetlike ferplichting.
Gegevens ynsjen, oanpasse of fuortsmite
Jo hawwe it rjocht om jo persoansgegevens yn te sjen, te ferbetterjen of fuort te smiten. Jo kinne in fersyk om ynsjen, korreksje of ferwidering stjoere nei ynfo@fryslanfuns.frl. It Fryslân Fûns sil sa gau mooglik, mar binnen fjouwer wiken, op jo fersyk reagearje.
Befeiligjen
It Fryslân Fûns nimt de beskerming fan jo gegevens serieus en nimt passende maatregels om misbrûk, ferlies, ûnbefoege tagong, net winske iepenbiermakking en ûnbefoege wiziging tsjin te gean. De webside fan it Fryslân Fûns makket gebrûk fan in betrouber SSL Sertifikaat om te boargjen dat jo persoansgegevens net yn ferkearde hannen falle.
As jo de yndruk hawwe dat jo gegevens net goed befeilige binne of as der oanwizings binne fan misbrûk, of as jo mear ynformaasje winskje oer de befeiliging fan troch it Fryslân Fûns sammele persoansgegevens, nim dan kontakt mei it Fryslân Fûns op fia ynfo@fryslanfuns.frl.
Fryslanfuns.frl is in webside fan Stifting Fryslân Fûns.
Ynskriuwnûmer hannelsregister Keamer fan Keaphannel: 56974272
Telefoan: 06 51648302
E-mailadres: ynfo@fryslanfuns.frl