Fryslân, juny 2024
50 jierrich jubileum Frysk Bûsboekje
Redaksje Frysk Bûsboekje
It Frysk bûsboekje bestiet 50 jier! Foar dizze gelegenheid is de redaksje fan doel ekstra oandacht te freegjen foar it bûsboekje dat der altyd yn slagget mei de ferkeap-opbringsten de kosten te dekken. Ekstra kosten wurde makke foar:
- De fyftitchste edysje kriget full-colour binnenwurk en in trijekleurige foarkant.
- Koarte publisitaire kampanje fia Omrop Fryslân telefyzje en radio
- De webside wurdt wer by de tiid brocht
- Utrikking earste eksimplaar fan 50-ste bûsboekje. It sil op in spesjale lokaasje útrikt wurde oan in spesjaal persoan.
Frjentsjer, desimber 2023
Krystkongres
Fryske Studintenferienigings
Yn De Bogt fen Gúne, it âldste studintekafee fan Nederlân, wie it wichtigste ûnderdiel fan it kongres, in sympoasium mei fjouwer sprekkers. De earste sprekker wie Bauke Deelstra, âld-skiednisstudint út Grins. Hy hat as sjoernalist foar Omrop Fryslân wurke en is hjoed-de-dei as kristlik misjonaris aktyf yn Albanië. Yn syn taspraak dielde Bauke mei it publyk syn ûnderfiningen mei it libben, de kultuer en de minsken yn Albanië.
Sjoerd van der Werf, de twadde sprekker, hold in ferhaal oer lânbou. Hy hie in melkfeehâlderij yn Nij-Seelân mar it die bliken dat de langstme nei it heitelân te grut wie, dat hy ymmigrearre werom nei Fryslân. Sjoerd fertelde oer it buorkjen yn Nij-Seelân en de ferskillen dêryn mei Fryslân, oer de lânbousektor yn syn algemienheid, de ferskillen yn wet- en regeljouwing en de status dy’t it buorkjen yn beide lannen hat.
Dêrnei learde âld-politikus en -boargemaster Bearn Bilker it publyk dat it hjoeddeistige Nederlânske keningshûs, Oranje-Nassau, net bestien hie sûnder Frysk bloed en dat it sa in bysûndere bân mei Ljouwert hat. Mei help fan in stambeam die hy syn ferhaal, dêr’t er bysûnder omtinken yn joech oan bekende heechheden as Marijke Muoi en Albertine Agnes.
It sympoasium waard ôfsletten mei in ferhaal fan Anton Jongstra. Net in soad minsken koene him op foarhân, mar syn telefyzjeprogramma’s lykas Wie is de Mol, Hunted en De Verraders koene se wol. It publyk hong oan syn lippen doe’t er se meinaam de mediawrâld yn, mei sawol wurden as bylden.
Frjentsjer, novimber 2023
Undersyk nei mooglikheden juridyske stappen oangeande it brûken fan Fryske plaknammen yn de gemeente Waadhoeke.
Fan de Topografyske wurkgroep Waadhoeke: “Troch de weryndieling fan Frjentserteradiel, It Bilt, Menameradiel en in part fan Littenseradiel ta gemeente Waadhoeke wurde ynwenners fan ‘e stêd Frjentsjer beneidiele yn it brûken fan harren rjochten oangeande de Fryske taal. Wylst de ynwenners fan de eardere gemeenten Menameradiel en Littenseradiel wol yn gemeente Waadhoeke offisjeel de Frysktalige plaknammen binnen de Nederlânsktalige kontekst brûke meie, kin de ynwenners fan Frjentsjer dat net.”
Jirnsum, augustus 2023
De Brand, it boek oer keatser Johannes Brandsma
Edward Jorna
Edward Jorna: “Ik skriuw in Frysktalich boek oer de op 31 maart fan 2023 ferstoarne âld-keatser Johannes Brandsma. Dat kin ik dwaan omdat wy yn novimber 2021 al útein setten wiene mei de earste gesprekken en hiel syn libben al by delrûn wiene doe't hy yn febrewaris te hearren krige dat er siik wie en net wer better koe. De reis dy't Johannes en ik yn novimber 2021 begûnen en dy't ús in prachtige tiid besoarge hat, meitsje ik no dus allinnich ôf. Nei in tiid fan alle dagen kontakt is dat in flinke tebeksetter, mar ik jou fansels net op. Foar alle keatsleafhawwers yn Fryslân, foar syn bern, foar syn beide broers en fansels foar Johannes sels wol ik it bêste boek skriuwe dat der oer him skreaun wurde kin.”
“Nochris tike tank foar de stipe fan jimme fûns. Ik bin der geweldich bliid mei!”
Foto: Frans Andringa
Boalsert, maaie 2023
Musikal Master Gysbert IV
Frysk en Tëater
Fan Frysk en Tëater: “Yn de musical foar skoalbern sil oandacht wêze oer wa’t Gysbert Japicx wie en wat hy betsjutten hat foar de Fryske taal. De musical is meartalich mei it Frysk as basis. Neist de taal en Gysbert Japicx sil Musical Master Gysbert IV heakke wurde oan in aktueel tema. De musical sil op in humoristyske wize útfierd wurde. Doel is om bern en folwoeksenen op in bysûndere wize yn de kunde komme te litten mei Gysbert en de Fryske taal.”
Dizze foarstelling gie oer it rêden fan Fryslân en de Fryske taal fan de
teloargong. Master Gysbert moast it ranende pompeblêdhert rêde, fjochtsje foar de Fryske taal en it Fryske lân en boppedat ek noch rekken hâlde mei it feroarjende klimaat. Vrolijke Frans, de krimineel yn de foarstelling, die alles deroan om Fryslân en de Fryske taal oan gruzeleminten te helpen. Uteinlik waard it in spannende race tsjin de klok om it ferhaal ta in goed ein te bringen.
Musical Master Gysbert IV spile fan 19 oktober o/m 10 novimber 2023 yn de Broeretsjerke yn Boalsert, de âlde kleastertsjerke yn de bertestêd fan skriuwer en dichter Gysbert Japicx (1603-1666).
Sa'n 4500 bern hawwe de foarstelling besocht!
Spannum, maart 2023
Iepenloftspul ‘Wat bisto leaflik?’
Stifting Mei-inoar Spannum
``Wat bisto leaflik!?`` is in iepenloftspul dêr't Waling Dijkstra, de Fryske skriuwer en foardrachtkeunstner, in sintrale rol yn spilet. Yn it stik komt ek syn libben as bakker yn Spannum oan bod. Dizze strider foar de Fryske taal lei de basis fan de Fryske toanielkultuer en hie in grutte ynfloed op it taal- en muzyklibben fan de gewoane man. Waling Dijkstra skreau romans, ferhalen, gedichten, rymkes, lieten en toanielstikken. Hy makke ek it earste Fryske wurdboek. As universele keunstner brocht er yn syn ferneamde 'winterjûnentocht' ferdivedaasje en ûntwikkeling oan tûzenen Friezen. Yn kafees en herbergen brocht er kultuer, yn in wrâld dy't doe net folle grutter wie as syn eigen doarp. Reden genôch om him twahûndert jier letter te earjen mei in eigen Frysk iepenloftspul.
Frjentsjer, desimber 2022
Krystkongres
Fryske Studintenferienigings
Yn 2022 stipe it Fryslân Fûns it Krystkongres fan de Federaasje fan Fryske Studintenferienigings. Jurjen Politiek, foarsitter fan it organisaasjekomitee: “Der wiene dizze kear mar leafst 80 dielnimmende studinten. Sels boargemaster Waanders, dy’t tradisjoneel it kongres iepenet op it Stedhûs, wie ûnder de yndruk fan de opkomst”
Ek yn dizze 90e edysje wie it sympoasium mei ferneamde Fryske sprekkers lykas Gerrit Hiemstra en Femke Wiersma it wichtichste ûnderdiel fan it programma. Nei de koroana-perioade koene de studinten op dizze wize wer yn de kunde komme mei ferskate nijsgjirrige ûnderwerpen.
“Sûnder stipe is soks net foarinoar te krijen”, seit Politiek. “Wy wolle de kosten beheine mar alles wurdt djoerder.”
“It tink dat de wichtichste reden om hjir mei troch te gean toch leit yn it idee dat je besykje dy saneamde braindrain te foarkommen.”, neffens Politiek. “De studinten binne Frysk, prate Frysk, en komme it leafst nei harren stúdzje werom nei Fryslân. Je merke dat it tige libbet ûnder Fryske studinten om op dizze wize kontakt te hâlden mei it heitelân.”
Foto: Joachim de Ruijter
Grins, novimber 2022
Frysk e-boek 'Kongo'
Boekburo Fier
De oanlieding foar dizze unike útjefte wie dat neffens de makkers it Fryske e-boek in kwaliteitsympuls nedich hat. Oant no ta binne de mooglikheden dy’t der binne om digitaal lêzen nei in heger nivo te bringen noch net genôch brûkt, fine Peter Boersma en Anne Popkema fan boekburo Fier. Se ha kontakt socht mei O’Hanlon en yn ’e mande mei de auteur syn privee-argyf trochwurke, op syk nei ûnbekende foto’s, kaarten en foarwerpen – in protte dêrfan hie O’Hanlon mei op syn ferneamde reis nei de Kongo. It e-boek befettet hûnderten ôfbyldings en lit de lêzer tichter as ea op de hûd fan de skriuwer krûpe, as dy oer de donkere rivieren en troch de tichte oerwâlden fan Sintraal Afrika swalket.
It boek is hjir te downloaden fia Utjouwerij Regaad.
Spannum, febrewaris 2022
'Wintermoarn'
Stifting Mei-inoar Spannum
Stifting Mei-inoar Spannum organisearje in aktiviteit yn de poëzy-wike, tegearre mei legere skoalle ‘De Tarissing’. De bern mochten in eigen gedicht yn it Frysk betinke. Ienichste betingst wie dat it ‘Wintermoarn’ hjitte moast. Op dy wize woene hja betinking jaan oan in âld-ynwenner fan Spannum, Waling Dykstra. De gedichten waarden oan ‘e ein fan de wike oanbean oan in boerebrulloftspear. De Stifting Mei-inoar Spannum organisearre ek it iepenloftspul yn 2023 yn Spannum en woe, ek yn ferban mei de sluting fan de skoalle, al wat lytse projekten yn it foar dwaan.
Op de foto lêst ien fan de bern syn gedicht foar, foar it brulloftspear.